Sneu ferlies foar Baukje en Ilse op Frouljus PC

Dit jier wie der gjin súkses foar ús dames op de FrouljusPC yn Weidum. Alle trije ferlearen yn de earste omloop op fiif earsten gelyk. Mar foar sawol Baukje Aalbers as Ilse Noorman wie it ferlies wol hiel nipt. Allebeide ferlearen se mei “alles oan ‘e hang”.

Beide wienen der hiel ticht by en hienen ek grutte kânsen om te winnen, mar it siet harren net mei. Ilse stie mei har maten yn it lêste earst mei 6-2 foar. Se hie de hiele partij goed opslein mar krekt yn it lêste earste heakke it. Sels mocht se de lêste bal opslaan. Se sloech in net sa maklike bal op de foarynse fan de tsjinpartij, mar dy wist doch de bal boppe te slaan. Dêrmei gie in mooglikheid om troch in geunstich lot in priiske te pakken yn reek op. Baukje wie der mei har partoer ek hiel ticht by.Mei in foarsprong fan 5-4 en 6-6 hoegde har maat, dy’t fierders poerbêst stie te keatsen, de bal allinnich mar te kearen om de winst feilich te stellen. Mar se kearde de bal mei in te hurde slach sadat de bal krekt kwea gie. Dêrmei waard it 5-5. Mei alle hout oan de telegraaf wist tsjinstanner Aukje van Kuiken de net sa maklike bal “oer alles hinne te slaan.” Afke Kuipers koe it mei har partoer ek net rêdde. Se kamen wol as earste op fiif earsten mar koenen it yn it lêste earst net oprêdde en ferlearen, ek al troch in boppeslach fan de tsjinpartij op de stân fan 5-5 en 6-2. Foar alle trije fansels in teloarstelling mar it is net oars.

Geplaatst op 25 August 2011